lavendel2

by de iepening fan it polderhoofdkanaal

dêr komme se oan

oer de weagen fan 'e Nij Beetstersfeart
komme stadichoan nije tiid tinkers
dizze kant út
gongmakkers roppe oer it wetter

hjoed giet de feart iepen

reidpôlen oan 'e wetterkant bûge mei
swaaie mei har simmer toai
reidjuffers dûnsje boartlik foar de boaten út
in hjerringslynder raast it út en dûkt ûnder wetter

de feart giet iepen

wat is der earder yn it fean omskrept
om dit wetter dizze wei te jaan
jierrenlang mocht de natuer har deistige gong gean
en no no komme de boatsjefarders del

dêr komme se oan

sille se ûnderweis it útsicht yn har opnimme
de hjerringslynder syn romte jaan
en swaaie nei de reidplommen
it skoandere wetter hoedzje en noedzje

dan kin de feart rêstich foar eltsenien ipen

aukje wijma