lavendel2

it sil doch net

yn ‘e sinne dy ‘t
eltse dei har ljocht
oars falle lit
jou ik my del

it liket wol fakânsje
sa jouwe de bisten
har del

of moat ik my
ûngerêst meitsje
oer de stilte

is der net
mear fûgelguod
dat mei har sang
ús libben ferrykje sil

aukje wijma