nettsjinsteande it wylde waar
rypje de giel brune beien
fan ‘e koetsjebeibeammen
se hawwe der gjin weet fan
dat in net mei it bleate each
waar te nimmen meunster
de ierde yn har besnijing hâld
of dôchs wol
is dêrom it waar sa fan slach
mear dan wy somtiden trochhawwe
de wyn en de rein âlje gûle mar ta
se trune ús oan ús del te jaan
werom te gean
nei ús iene fjouwerkante meter fuotprint
op Fryske grûn
aukje wijma