lavendel2

Jo gongen lâns it wetter
en pikte hjir en der
wat fiskers op
minsken dy t ferstân hienen
fan wylde wetters en sa

Jo kamen troch de stêd
en troffen hjir en der
wat trochtrape lju
dy t ferstân hienen
fan jild en soks sawat

Jo komme hjoed de dei
somstiden hjir en der
op frjemde plakken del
en reitsje minsken oan
dy t wy net it alderheechste ha

aukje wijma