lavendel2

allegearre libben

om my hinne
in klapwjukjende fûgel

kringels yn it wetter
de wyn hat har deljûn
damp hinget oer it fjild

moarns betiid
gean ik fan bûten nei binnen
wat libbet der yn myn hert

fûgels fisken de natuer
spegelje my in wei fan libjen

aukje wijma