lavendel2

   

in iepen raam

fiere loften
mei in sinne dy ‘t skynt
oer ús wrâldreis
fan hjoed en moarn
 ûnsljochte paden bringe
ûnferwachte sichten

útsicht


op ‘e drompel
fan it dellizzen
fan dyn 
libbenswurk
de oergong
 nei wat sil d’r efter
de doar oer de flier lizze

sil fertrouwen

mei dy mei gean
meisto 
dy oerjaan
oan ‘e tiid dy ’t komt

Hij wol mei dy mei gean

elke nije dei

aukje wijma


   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)