6e gedichtenbundel 'útsicht'
nei fiif gedichtenbondel tocht ik
sa is it earst genôch mar dochs
kaam nei in skoftje utsicht foar it ljocht
útsicht wêze en ek útsicht krije
it is in fryske syktocht troch it libben wurden
wat giet der mei yn 'e reiskoer en wat docht tiid en stoarm
en hoe komst dêr troch hinne
op 'e foarkant in foto út it weinjeterper skar
dêr stiet in bank ta neitins oan myn man pieter
mei in gedicht dernjonken
dizze bondel is noch op foarrie
en is te bestellen
nei fiif gedichtenbondel tocht ik
sa is it earst genôch mar dochs
kaam nei in skoftje utsicht foar it ljocht
útsicht wêze en ek útsicht krije
it is in fryske syktocht troch it libben wurden
wat giet der mei yn 'e reiskoer en wat docht tiid en stoarm
en hoe komst dêr troch hinne
op 'e foarkant in foto út it weinjeterper skar
dêr stiet in bank ta neitins oan myn man pieter
mei in gedicht dernjonken
dizze bondel is noch op foarrie
en is te bestellen
útsicht
fan ikebeam bisto
fersage oan planken
makke ta yn rêstplak
foar foarbygongers
yn spielende rein
hjir ferankere yn ‘e heidegrûn
wjerstribbich wrotten
as it libben sels
jaan en nimme
jonge oanwaaks fynt
hâldfêst yn dyn oantinken
it mei útgroeie
en frucht drage
fruchten dy’t yn ’e winter
grûn ôfstjerre
oant de maitiidssinne
har sie ta libben ropt
libben oer grinzen hinne
aukje wijma
.........................................
fan ikebeam bisto
fersage oan planken
makke ta yn rêstplak
foar foarbygongers
yn spielende rein
hjir ferankere yn ‘e heidegrûn
wjerstribbich wrotten
as it libben sels
jaan en nimme
jonge oanwaaks fynt
hâldfêst yn dyn oantinken
it mei útgroeie
en frucht drage
fruchten dy’t yn ’e winter
grûn ôfstjerre
oant de maitiidssinne
har sie ta libben ropt
libben oer grinzen hinne
aukje wijma
.........................................
ús God is
altyd mei dy
en mei
Hij jaan
datsto altyd
mei Him giest
aukje wijma
..................................
takomst
der komt in tiid
dat der tsien man
út ‘e folken
komme sille
dy ’t moed krije
om in Joadsk man
by de tippe
fan syn mantel
te gripen
him freegje
meie wy mei jo
oprinne
want wy hawwe heard
God is mei jim
aukje wijma
...........................
wekker wurde
it moarntiids ljocht
falt troch
de beammen
rekket de dauwe oan
makket kristal
fan wetterdrippen
nimt se
yn har waarmte op
myn hert is toarstich
nei har
kristal heldere suverens
aukje wijma
...................................................
fiele
ferwachtingsfolle
wurden
jousto de frijheid
wjerspegeljende eagen
fertelle
harren werklikheid
it duel spilet
har ôf
op it boartersplak
fan it hert
aukje wijma
..............................................
trochtocht
do bist op libbenstocht gien
in reis nei it lân
fan molke en huning
somtiden
somtiden
is Egypte wer te fielen
mei it langstme nei
de besletten eardere tiden
yn de woestine
fan hjoed de dei
is der kjeld en iensumens
ûnderweis
yn griene oazen
krigest wetter
út seinigjende hannen
sjochst troch eagen fan
flechtlingen
en hearst
bjusterbaarlike wurden
aukje wijma
.........................................
bernefraach
mei ik wêze
sa't ik bin
Jo bern
mei alle lek
en brek
Jo bern
somtiids
útfanhûs
en graach thús
yn de bal
fan Jo hân burgen
aukje wijma
.......................................
troch stoarm hinne
de wyn hat him
deljûn
it fjoer is dôve
kjeld oerfalt
myn wêzen
ik sykje
efter alle doarren
oant ik nei de siken gapje
my deljou
yn 'e greide
neat út 'e hannen
komme lit
it tinken útban
en fiel
in fielber rûzjende stream
oanfiel
as ik
by Jo
ûnder de wyn kom
my opheine lit
yn waarme
kleare tinzen
aukje wijma
.................................
genede
ik kin
net sizze
hoefolle romte
it my joech
doe't ik
dy ferjoech
romte
dy 't Jo
alle dagen
jaan wolle
oan my
aukje wijma
....................................
takomst
der komt in tiid
dat der tsien man
út 'e folken
komme sille
dy 't moed krije
om in Joadsk man
by de tippe
fan syn mantel
te gripen
him freegje
meie wy mei jo
oprinne
want wy hawwe heard
God is mei jim
aukje wijma
.............................................