lavendel2

 
de 3e dichtbondel 'tichteby' is de 1e fryske bondel mei gedichten

sa fryk as wat mar myn frysk skriuwen hie der wol oan
by de afuk haw ik it wat better ûnder de knibbel krige
ik murk dat ús memmetaal my  nei oan it hert lei
en doe kaam' tichteby' 
lytse en wat gruttere gedichten oer natuer libben
en fierder alles wat tichteby my leit

ek dizze bondel is nei meedere printen
útferkocht 
alle gedichten stean  ûnder it plaatsje fan 'e foarkant fan 'e bondel
do meist se sa brûke 
 


 
'tichteby'
............................................................
tichteby
 
 
.....................................................

tichterby

ik sjoch sa faak de bûtenkant
de rûge ferreinde side

kom

mei dyn moaie inerlik
dyn sêfte suvere siele

kom tichteby


aukje wijma


..............................


moetsje


wêr ‘t
wy ek wenje
wy binne útfanhûs

ûnderweis
nei ússels

ús thús op ierde

de werklikheid
der fier boppe út
is ûnberikber faaks

soms ljochtet
in eintsje op

is der in rimpeling
yn it wetter

dy’t nije stipe jout
om tsjin
de stream yn

ús paad te gean


aukje wijma


............................



skepping

sjongende fûgels
yn ‘e loft

in waarmjende sinne
bestrielet
grûn en minsken

de titelroas
galmet
oer de wrâld

maitiid
sjoch dan
harkje

ik sit bûtendoar
en sjoch
ferstean de opdracht

de ierde te bewarjen


aukje wijma


................................


sjen


juster

yn ‘t ryksmuseum

beseach ik
de gouden ieu
útbylde yn stien
en diggelguod

yn skilderijen
fûn ik
de natuer fan juster

hjoed
op ‘e feanhoop

sjoch ik
mids griene greiden
fee
de petgatten
boatsjes op ‘e ie

de fryske loft
jout my
har gouden strielen


aukje wijma


.............................


bykomme


oan it wetter
sit ik

ien mei
de romte

sykhelje djip
en jou my del

lit de rêst
oer my komme

rêst

dêr ´t alles neat
en neat alles yn wurdt


aukje wijma


...................


thúskomme


fan fierren
hear ik de rop
fan de koekoek

foar my oer
giet de sinne
read ûnder

efter my
snuve pinken
myn minskelucht op

ik fiel my thús
al stiet myn hûs
fierderop

hjir kin ik stjerre


aukje wijma


....................


Paadwizer


inkeld ris oerfalt
de himel my

in klear Lûd
brekt troch alle grinzen

en seit
Ik haw ferlet fan dy


aukje wijma


.....................


in nije kâns


jild rôlet
ús alle dagen
troch de fingers

mei
wat foar hân

jouwe en nimme
nimme en jouwe
wy

wêr
giet ús hert nei út


aukje wijma


..................


paad


geandewei
sjoch ik
mei oare eagen

hear ik
mei nije earen

fiel ik
in sêfte Wyn

by my lâns gean


aukje wijma


.......................


hûs

leafde foar lân
en minsken
om my hinne

leafde foar loften
sinnewaarmte
oer my hinne

yn net te
befielen djipte
giet it
troch my hinne

grûn fan myn bestean


aukje wijma


....................


ynromme plak


Jo meitsje

boppe
in wente foar ús ree

hawwe wy

ûnder
romte foar Jo


aukje wijma


...........................


foar dy


oer dy hinne
is in blauwe loft

om dy hinne
leit de iepen wrâld

binnen yn dy
op ´e brêge
tusken bûten en binnen

foarmet him
hieltyd mear de minske
dysto bedoeld bist
te wurden


aukje wijma


.............................


rypje


pronkjende blommen
oeral
om my hinne

yn koarten wurde fruchten
sichtber

ik longerje nei
de opbringst
djip út it
bloeiend 
bestean


aukje wijma


.............................


foar ruben


oan it ljocht kaam
bringt
dyn oanwêzigens

my
djip lizzende
suverens


aukje wijma


.............................


blommerook


it swiet
fan blommerook
komt my
yn ‘e mjitte
as ik op ‘n paad gean

en myn bern
loslit
yn ‘e wrâld

hok foar wei
sil it gean

hjoed fiel ik
allinnich it loslitten

de blommen
fertelle my
oer in takomst


aukje wijma


...................


oerjaan


ik kin net sliepe
de nacht
jout him net del
yn my

it libben
freget omtinken
leit beslach
op my

hâldt my wekker


aukje wijma


............................


tún


dyn tún
hasto frij makke
fan opslûpend
fertiizjend beamtegrien

sadat sinneljocht
syn wei fynt
de grûn waarm wurdt
en ljocht grien
op komme kin

sa bisto sels
frij makke
fan slûpende fertiizjende krêften
om yn ‘e waarmte
fan it Ljocht
oerein te gean

sie
dat jierren lang
ferburgen lei
yn earme grûn

brekt
no nei bûten
komt ta libben

de tiid is ryp


aukje wijma


..........................


foar jorrit

wolkom op ´e ierde
en
yn ús fermidden

dêr ´t wy
in waarm plak
foar dy ree hawwe


aukje wijma


....................


omfierrens wei


de frjemdlinge is yn ûs lân
se freget my te kiezen

lit ik har ta yn hert en hûs
wol ik mienskip fiere

mei minsken fan in oare taal
gewoanten dêr 't ik yn
ferdwaal

lit ik se tichtby komme
of is myn hert ferstomme


aukje wijma


.............................


it net mear witte



doe’t alles
ferlern like

wie der
út myn hûs wei
in ljedder omheech
nei de himel

kaam der
in Stimme
op my ta
mei hâldfêst en útsjoch


aukje wijma


.................................


libbenstoaniel


efter de kûlissen

spilet
eltsenien
syn eigen spul

foar it dekor

krije
wy ús trekken
thússpile


aukje wijma


...........................


bouwe


hokker stien mei ik wêze
sil ik wêze yn de tiid

bin ik de stien
dy ´t de bouwer
fan dizze tiid

oan kant lizze sil
of lit ik my
troch de Bouwer brûke

ta in stien
dy ’t mei in hûs bout
fan leafde
en rjochtfeardigens


aukje wijma


..............................


net begripe

it fertriet raast
yn my

doarmet
yn my om
makket libben soer

wêrta
is libben dea


aukje wijma


................................


langstme


koe ik mar
as ik sa kâld bin
yn dy op kladderje
tichter nei de sinne

koe ik mar
dêr boppe
op in tûkje sitte
en útsjen

it libben skôgje

koe ik mar
as it oeral wei reint
my ferskûlje
ûnder dyn blêdetek

koe ik mar
krêften
ût dyn beamtoppen
stjoere nei myn siele

sa ticht
by de himel stean


aukje wijma


............................


kleasterling

sa fan
it fryske plattelân ôf

kaamsto

om dy
nei binnen ta
te kearen

foar Him


aukje wijma


...............................


fûgels


jûns njoggen oere
komme se
yn boskjes oanfleanen

feilleas fine
se de wylgebeammen
oan it wetter

dêr ‘t famylje
lûd tsjotterjend
wachtet
op harren aventoeren
fan dizze dei

ik begryp der neat fan


aukje wijma


....................


jûntiid

de nacht falt
oer it lân

de earste stjer
glimket
my oan

ea kaam
troch spegeljend glês
de stjer
my tichterby

myn ferwûndering
wie grut

oan de himel
ljochtjierren fier fuort
dûnsje trije moannen
rûn de stjer

ik skôgje
allinnich
in glinstering


aukje wijma


............................


friezerswaar

myn noas
wurdt read en kâld
as ik
de doar út gean

wat fielsto beam
no 'sto
oanklaaid bist
troch de kjeld


aukje wijma


.....................


iisfrij


foar it earst
fan ´t jier
byn ik de redens ûnder
en weagje my
op it glêde iis

ik glydzje
noch net sa wis
oer in swarte flakte
dêr ’t noch gjin minske
har streken
set hat

geandewei
fiel ik
in krêft yn my
opkommen

fal ik gear
mei de wrâld
om my hinne


aukje wijma


............................



treast


altyd
is der ien
dy't yn 'e gaos

as tsjinstfeint
fan de Alderheechste

iten en drinken
útdielt

altijd

asto it
mar sjen wolste


aukje wijma


.....................


hjerstdei


de hjerst lûkt
oer my hinne

blêden kleurje
wrakselje
om noch efkes
ferbûn te bliuwen
mei de tûke

oant de stoarm
se meinimt

se delfalle foar
myn fuotten

fruchten
foar de ierde


aukje wijma


..........................


berte


de sinne komt op
dizze kâlde moarn

en 
makket
krekt foar kryst

in paadsje fan kristal
dêr ´t ik lâns gean

op wei
nei it Ljocht


aukje wijma