am-fluss

Hoofdmenu  


   
   

ik mocht trije wike
yn it arkje van Rienk van der Velde op é Feanhoop

wenje, en skriuwe oan in nije dichtbondel

wurden gefoelens en gedachten fan 'e boaiem ôf opdjipje.

in priuwke fan de gedichten fynst hjirûnder



fan boaimen


it skriuwersarkje

mei fansiden oan de iene kant
in boskje mei bloeiende koetsebeien
hege popels en in útdeide kastanjebeam
dy ‘t it sicht op ‘e wei beheine

de oare kant
lit in wiids útsicht oer it petgat sjen
dêr ‘t swanneblom en plomsigge it goed nimme
oan wjerskanten elzen en bjirken
op smelle stripen feangrûn
en de markol alle dagen as maat

tusken de beheining en romte
leit it arkje fan rienk
dêr ‘t skriuwers
har hert ophelje meie

en oan papier
tabetrouwe


aukje wijma


......................

oandachtich

meie myn eagen
hjoed
Jo spegelje

myn mûle
fan leafde sprekke

myn earen
muzyk fan it libben opfange

myn hannen
moarn mei nocht
har wurk dwaan


aukje wijma


.........................


ta libben komme


nei de winterkjeld

fiel ik iere
waarmrinnende maitiid

ûnsichtbere sopstreamen
litte beammen
ta libben komme
besoargje harren
in ljochtgriene blêdekrânse

wekker wurd ik

fan de ûngeduerige
leafdesrop
troch drok hin en wer
fleanende mantsjeguozzen

twa einekuorren
yn it petgat
wachtsje


aukje wijma


..........................

folslein

as alles
yn neat
har gerak kriget

neat alles
ta libben ropt

de stilte
wekker wurdt
yn my


aukje wijma


.........................


ferwûndering

it wetterpeil is heech
en ‘t petgat sletten

it feanlân grien
op pinksterblommen nei

mollen ha
de gong der wer yn setten

efter in hikke
wurde ljippen wei

hjoed rin ik hjir
en sjoch mei nije eagen

it deade reid
en ‘t ljochte beammegrien

fier foar my út in ree
dy ‘t har net tichtby weaget

dit is myn wrâld
mei plak foar eltsenien


aukje wijma


..........................


wûnder

lonkjes geane iepen

yn it befrijend skriemen
azemet se

foar ’t earst

libbenslang

sykhelje
sûnder euvelmoed

fan ‘e lucht
dy ‘ t libben har jout


aukje wijma


...........................


spegel

ûnder rûzjende popels
hawwe wy in petear
oer de wrâld
mei har ûnbegryplike gong

de skepping om ús hinne
docht har úterste bêst
ús har wiisheid
yn te printsjen


aukje wijma


................................





   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)