lavendel2

De blinen fan Jericho

de blinen, de blinen fan Jericho
dy skreauden út need en illende ta jo
hoewol't hja joselme net seagen
Jo kearden yn leafde opslach nei har om
Jo joegen har 't sicht op it libben werom
Jo leinen de hân op har eagen

Hear Jezus, net oars as dy blinen binn wy
wy sitte oan'e dyk en de wrâld tsjocht foarby
wy sjogge gjin ljocht en gjin sinne
de groun is fan stien en de himel fan lead
en as 't der op oankomt bigripe wy neat
fan al hwat der bart om ús hinne

Hear Jezus, hoe fynt yn dit tsjustere rom
ús hert noch de sin fan it libben werom
hoe sil it noch weardefol wêze
o iepenje ús each, dat it alles yn 't ljocht
fan jo en jins kommende keninkryk sjocht
kom by ús en wol ús genêze

Hear Jezus, hjir sitte wy helpleas en blyn
o, hear nei ús roppen en kear by ús yn
jo kinne ús illinde fordriuwe
ferljochtsje ús eagen wy hoopje op jo
en wolle as blinen fan Jericho
foar altyd tonei by jo bliuwe

Fedde Schurer