lavendel2

It sinneliet
 
Alderheechste almachtige goede Hear,
fan Jo binne de lof, de rom, de eare en alle segeningen.
 
Jo allinne, Alderheechste, komme hja ta
en net in mins is weardich om Jo te neamen
 
Love binne Jo, myn Hear mei al Jo skepsels,
foaral hear broer sinne,
dy t de dei is, en troch wa t Jo ús ferljochtsje
En hy is moai en hy is strielend
mei grutte swidens fan Jo,
Alderheechste, draacht hy it sinnebyld
 
Love binne Jo, myn Hear, troch suster moanne
en de stjerren oan e himel. Jo hawwe har makke,
skitterjend, kostbar en skoander.
 
Love binne Jo, myn Hear, troch broer wyn
en troch de loft en troch bewolke
en opklearre en hokker waar ek,
dêr ‘t Jo jou skepsels mei ta stipe binne.
 
Love binne Jo, myn Hear troch suster wetter,
dy ‘t hiel nuttich is en dimmen en kostber en kein.
 
Love binne Jo, myn Hear troch broer fjoer,
troch wa ‘t Jo foar ús de nacht ferljochtsje,
en hy is moai en fleurich, stoer en sterk.
 
Love binne Jo, myn Hear, troch uze suster memme ierde,
dy ‘t ús troch alles hinne stipet en ús paadwiist 
en alderhanne gewaaks mei kleurige blommen en krûden fuortbringt.
 
Love binne Jo, myn Hear, troch hja dy ‘t ferjeffenis skinke
troch Jo leafde en sykte en ferdrukking drage.
 
Lokkich hja dy’t dat drage sille yn frede,
want troch Jo Alderheechste, sille hja kroane wurde.
 
Love binne Jo, myn hear, troch uze suster de liiflike dea,
dêr ‘t net in libbene siel oan ûntslûpe sil.
 
Wee hja dy’t stjerre yn deasûnde.
Lokkich wa’t hja tsjin komt yn Jou Alderhillichste wil
want de twadde dea sil har gjin kwea dwaan.
 
Loovje en seinigje myn Hear
en tankje en tsjinje Him mei grutte dimmenens
 
de vertaling van het zonnelied van Franciscus door Tsjebbe Hettinga