wie 'k in nachtegeal
wie 'k in nachtegeal dan soe ik
kwinkelearje foar de Hear
'k soe myn Skepper ear ta sjonge
alle dagen kear op kear
'k soe de beammen trilje litte
as de skimer kommen wie
sa dat alle fûgels swijden
troch myn heech en suver liet
mar ik bin in minske mear troch
as in nachtegeal yn 't wâld
nei Gods eigen byltnis foarme
libjend op Syn eigen wrâld
derom wol'k fan bliidskip sjonge
dei oan dei myn libben lang
'k wol myn Skepper dank betoane
yn myn liet en lofgesang
halleluja ik wol sjonge
lovje no myn God en Hear
'k sjong myn liet mei hert en tonge
yn in jubel ta Gods ear
God joech sels oan my de stimme
dat dy oeral klinke mei
lit de wrâld it mar fernimme
wat in wielde dei oan dei
op de wize fan- welk een vriend is onze Jezus-