lavendel2

wienen de dissipels
krekt sa yn ‘e war
as ik bin

it kin doch net sa wêze

dat Hij dy safolle goeds die
beskuldige waard
troch hege lege hearen

it kin doch net sa wêze

en doch en dochs en dochs

like Hij it te ferliezen
om oerwinning te beheljen

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)