am-fluss

wite tongersdei

de driging hinget swier
om en yn har holle

Jezus wurden komme noch net oan

se ite en drinke
lústerje en prate


oer wat op kommende wei is


driging hinget ek hjoed
yn en om ús holle

wol ús op ‘e doele bringe

litte wy ite en drinke
lústerje en prate

mei en oer Him

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)