am-fluss

   
de wei nei Peaske

moarn set ik de earste stap
op wei nei Peaske

fjirtich dagen gjin bûter op ‘e bôle
gjin alkohol
stil wêze
lêze oer Him

elke dei oan ‘e bûtenkant
oandacht jaan
foar wat der binnenyn my
ôfspilet

moarn it begjin fan in tocht
mei yn- en útsichten

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)