o Hear
lit my in wurktúch wêze
fan Jins frede
dat ik leafde bring
midden de haat
dat ik ferjaan mei
dêr ‘t men my mislediget
dat ik ferbine mei
oeral dêr ‘t striid is
dat ik de wierheid sizze sil
dêr ’t de leagen sprekt
dat ik it leauwen útdraach
dêr ‘t de twivel drukt
dat ik de hope weitsje
dêr ‘t de wanhoop grymt
dat ik Jins ljocht ûntstek
yn swarte tsjusternis
dat ik blydskip siedsje
dêr ‘t benearing groeit
fertaling fan Fedde Schurer