lavendel2

tuskentiid

de ferbjustering
oer ferrizenis
oerwinning
is noch sa tichteby

net te leauwen en dôchs
is 't sa faak trochjûn
as earen iepengean

en herten har fol streame litte
mei it âlde nijs
wurdt 'e wei begeanber

Fjoer en Wyn
wachtsje
ferwachtsje
minskebern

beklaaie harren
mei Besieling

aukje wijma