langstme
mei ik hjoed
gol wêze foar
minskebern dy ‘t
op myn paad komme
mei ik hjoed
my ferwûnderje
oer wat dizze dei
my bringe sil
mei ik hjoed
wurden fan
Libben krije
en út diele
mei ik hjoed
Jo leafde fiele
Jo tichte by
my witte
aukje wijma