
lytse grutte wûnders
it útsicht op it bankje
in fisk dy’t boppe komt
it pompeblêd mei blommen
in ein dy swemt hjir rûn
‘t lûd fan kikkert kweakjen
se litte har net sjen
de guos dy ‘t gakjend oerfljocht
ûnder de wolkeloften del
it griene reid groeit deistich
by it hiele petgat lâns
en ik dy ‘t mei hjir deljou
yn stille amerij
dit lytse grutte wûnder
fan ‘e Skepper komt my nei
aukje wijma