allinne
oerkommeling
stomkop
hurde wurden
dûnsje troch
de keamer wrâld
ûnder de tafel
yn myn hoekje
probearje ik my
ûnsichtber te meitsjen
fiel ik my frij
fan it wyt fan hinne
en wer fleanende
gleone eagen
donder preken
myn sêfte hynderke
stiif tsjin my oan
aukje wijma