lavendel2

stille wike

foarjier

de prommebeam blomkes 
komme wer foar ‘t ljocht
yn harren bywêzigens
gean ik de stille wike yn
en wrakselje
op ‘e nij troch lijen
lit djip yn my besinke
hoe frij ik bin

foar my
hat Hy ‘t folbrocht

´t wurdt Peaske


aukje wijma