lavendel2

eltsenien en alles

ik snap der al
neat fan wat de slak
oan myn fuotten
no einliks betein hat

lit stean
dat ik de taal
fan beammen ta my
litte komme kin

se geane my fier te boppe

de biste wrâld mei
har safolle
ferskate foarmen
fan libben

har soarchsumens
foar elkoar en somtiden
ek hielendol net

aukje wijma