lavendel2

de wyn hat him deljûn

it fjoer is dôve
kjeld oerfalt myn wêzen

ik sykje
efter alle doarren
oant ik nei siken gapje

 en neat mear út hannen
komme lit
it tinken útban
my oerjou oan Jo

en dan by Jo
ûnder de wyn kom

my opheine lit
yn in fielbere rûzjende stream
mei heldere tinzen

aukje wijma
.