lavendel2

ûnder in iepen himel

samar
lâns ferskate paden
inoar treffe

al pratende wei
iepen en fertroud diele
wat ús nei oan it hert leit

ferbining
kostber net te fangen rykdom
yn in eachopslach

harten foer foar ûnderweis

aukje wijma