novimber
fallende blêden
oerrein fleanende firussen
kleurje eltse dei de ierde
in kreft mjittende see
en in kreunjende natuer
oerstige har grinzen
jouwe se noch
in kromke tiid en romte
oan har ûnnoazele bewenners
it kin dôchs net sa wêze
dat wy net troch hawwe
wat bewarjen en bewurkjen ynhâld
aukje wijma