lavendel2

dichterswurk

al jierren kamen
wurden troch dy
delskreaun op my ta

en no yn dizze tiid 
fan
dielen 
tusken wurden
fan ôf it papier
en útsprutsene
leit in wrâld fan 
net te mjitten gefoel

taastber 
binne de letters
se meitsje in brêge
yn rigels ferwurde

aukje wijma