lavendel2

wyk oersjoch

der hinget driging yn ‘e loft
macht en ûnmacht stride
mei ûngrypber tsjustere kreften

der wurdt fergadere nachten troch
wize machthawwers diele
ûnfrede oer frede

der klinkt út safolle mûlen soarch
om ‘e ierde en har minskebern
mei net te bedjipjen wûnen

it Skepperlûd ropt ek hjoed de dei
ierdebern wêr binne jim dochs  
 bring yn fredesnamme leafde

foar dat it is te let

aukje wijma