de oare deis
dizze tsjustere dei
is leech
fersleinens
‘t is net te begripen
it barren dizze dagen
gjin wurden
binne der foar dit ferlies
hoe moatte wy dit drage
syn froulju
dwerstroch
fan fertriet
tinke oan moarn en krûden
oan salvjen
fan Syn brutsen lea
noch ien kear
Him fersoargje
hoeden
moarnier betiid
as it Ljocht wurdt
aukje wijma