lavendel2

wûnder

do lyts krûpend rupske
hast mei dyn koarte poatsjes
in lange wei te gean
fan griene blêdsjes frette
in húske om dy hinne wuolje
en dêrnei hiel hiel lang sliepe

en dan sjoch ris oan
as dyn eachjes wer
iepen gean do stadich oan
út dyn hoaltsje krûpst
troch de waarme sinne
op kreft komst

meist fladderjend mei fleurich
kleuriche fleugels
 
as in prachtich
moaie flinter
al dûnsjende wei
ús sa bliid meitsje

aukje wijma