lavendel2

befeazen

dizze winter is de grûn mar kâld
de froast klommet rûn myn âlde botten

de earme minsken yn har skammele krotten
skûlje by inoar foar har behâld
yn fan heidehuzen plagge wrâld
mei har ferrinnewearre skotten

dizze winter is de grûn mar kâld
en jout de lju nea waarme fuotten

t is dat 'e froast har nachts ynhâld
en minskebern de hiele dei omwrotte
de droege turf by jûntiid súntsjes brânt
it stikte tek by nacht de kjeld útbant

mar dizze winter is de grûn dôchs kâld

aukje wijma