Krystfeest
Ingelen geduld hat Hy
eltse dei opnei mei ús
Hy freget
sjoch om dy hinne
troch sjoch
wêr’t it op oan komt
gean nei de stal
dêr It plakfûn
set dy dêr del en
wês wiis mei frede
yn dyn fermidden
iten genoch
wês wiis mei natuer
om dy hinne
ferwûnderlik
wês wiis freegje wysdom
foar dy jinge
dy’t it sels net kinne
Ingelen geduld hat Hy
eltse dei openei
mei dy
aukje wijma
aukje wijma