waarnimme
as de mûzebiter
mei har brúne útsprate flerken
fier boppe my
op ‘e waarme wyn meidriuwt
't lyts krûpend guod
fan grutte hichte ôf
yn 't skerpe eachweid kriget
en ynienen har delfolle lit
earne ûnder my
yn ‘e gerspôlen
wis fan har proai
stean ik der
ferbjustere by te sjen
aukje wijma