lavendel2

foar nije tiden
 

lit dy 't hert net op 'e doele bringe
troch alle skrikkelgrauske tiden
en leau foar altyd

dat leafdesfjoer
ûnder en oer alles hinne
it lêste wurd hawwe sil

eagen opljochtsje lit
en minsken mei hert en siel
oan elkoar tabetrout
 

aukje wijma