lavendel2

frijheid

geandewei
tusken it blau fan 'e himel
en it grien fan it gers

drinke myn eagen
it flinterjende ljocht
dat troch de hjerstblêden
op my ta komt

 
aukje wijma