wa hat 'e tiid yn behear
fan in amerij
wêryn leafde wekker wurd
fan it earste bernewurdsje
dat myn hert waarm makket
fan 'e eachopslach
wêryn lijen sichtber wurd
fan net troch te kommen dagen
ûnwissichheid
wa beheart de oeren
dy 't wiken duorje
en jierren
dy't yn in eachwink foarbydriuwe
aukje wijma