troch de kjeld hinne
as de blêden giel wurde
de klamme kjeld
oer it lân lûkt
yn 'e bonken op krûpt
har dêr fêstset
my oan it hert ta
klommerjen docht
longerje ik nei
in knappende
knisterjende fjoergloede
in waarme tekken fan leafde
aukje wijma