lavendel2

oerein oerein

ik kin net sitten bliuwe
it hat Peaske west
benearing is foarby

ik sil mei hannen út 'e mouwen
oant wurk
Hy wraksele ek foar my

It sied leit op myn
warbere hân te wachtsjen
de ikkers ree en waarm
ferwachtsje my

de kerrels mei ik
rûnom falle litte

it rypjen fan 'e frucht
docht Hy

aukje wijma