oan it Ljocht komme
dyn tún hasto frij makke
dyn tún hasto frij makke
fan opslûpend
fertiizjend beamtegrien
sadat sinneljocht syn wei fynt
sadat sinneljocht syn wei fynt
de grûn waarm wurdt
en ljocht grien op komme kin
sa bisto sels frij makke
sa bisto sels frij makke
fan slûpende fertiizjende krêften
om yn 'e waarmte fan it Ljocht
oerein te gean
sie dat jierren lang
sie dat jierren lang
ferburgen lei yn earme grûn
brekt no nei bûten
brekt no nei bûten
komt ta libben
de tiid is ryp
de tiid is ryp
aukje wijma