lavendel2

 
opbaarnd

ik kin it
net sizze
hoefolle romte
it my joech
 
doe't ik dy
nei safolle tiid
ferjoech
 
ik kin it net begrype
dat Jo eltse dei
opnij 
begjinne wolle
mei my

aukje wijma