iisfrij
foar it earst fan ´t jier
foar it earst fan ´t jier
byn ik de redens ûnder
en weagje my op it glêde iis
ik glydzje
ik glydzje
noch net sa wis
oer in swarte flakte
dêr 't noch gjin minske
har streken set hat
geandewei fiel ik
riderskrêft yn my
opkommen
fal ik gear
fal ik gear
mei de wrâld om my hinne
aukje wijma
aukje wijma