lavendel2

de wize mannen

de wize mannen
wisten it
it ljocht oan ’e himel
   wie in boade fan nij libben

se lieten
har wurk lizze
en gongen op wei

yn tsjustere  tiden
troch ûnbekende streken
by moudige paden lâns

 
 wy minsken fan hjoed de dei
hawwe weet fan
 it Ljocht de Boade

 
fan libben

wolle wy it wurk
foar it Frederyk
op ús nimme

yn ûnrêstige tiden
by ûneffene  paden lâns
mei neatochte  stappen

frede en alle goeds
 dêrby by  tawinske

aukje wijma