lavendel2

jefte

it rûkt nei maitiid
it kribelet en baarnt my yn 'e lea
 ik wol nei bûten moat sjen
hoe't 'e grûn romte makket
foar it ljochte grien

de hearehintsjes foar it ljocht komme
út har winterhoalen

wy hingje de wask wer bûten
en jouwe ús yn 'e sinne del
litte de waarmte
 har noflike wurk oan ús dwaan

maitiid
op 'e  nij kriget it libben 
in kâns fan slagjen

aukje wijma