lavendel2

kerstgedicht

rotsfêste dreamen


se wie syn jonge leave faam oprjocht

soenen se stean ûnder it baldakyn
mar no die se him dit rare berjocht
Ik bin swier  in ingel hat it sein
allinne wie it net fan him

hy tyske der dagenlang mei om
‘t sette him op ‘e mage
sil ik har sûnder mear werom
gean litte nei har âlden
‘t fertriet oer leafde allinne drage

doe kaam der in nacht mei dy frjemde dream
samar doe 'er djip lei te  sliepen
it Libben oan ‘e faam beneamd
wat yn har skutte bart iepenbieret
is ‘t salang ferwachte bern fan e’ Ivige

Nim har dochs wol ta dyn eigen frou
de kommende tiid sil ‘t dy leare
Hij bliuwt Syn jûne dreamen trou
Sjongende ingels sille Him eare

En Joazef gie syn dream efternei
die wat ‘e dream him sei

aukje wijma