Home
- Gegevens
- Hits: 35480
útstrieling
Jo Geast
kleuret hjoed fiolet
bringt treast
oan ferskopte minsken
gûlt oer driuwende bern
op 'e libbenssee
fersûpt om frij te libben
Jo Geast
kleuret hjoed pears
fan ûnrjocht
ûnmacht fan leafde leech
driuwt fier fuort
sa tichteby ús hús
ús beskutte waarme wente
Jo Geast
waait oer lân en see
nimt 'e skriembea
fan ús allegearre mei
aukje wijma
leafde
wat kwetsber is
sa nedich
ferlet hat fan
in waarme hân
op 't skouder
komt hjir te plak
by moaie minsken
dy each hawwe
foar wat nedich is
en leafdefol soargje
har hert en hannen
binne beskikber
om minsken in triuwke
yn 'e rech te jaan
aukje wijma