am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
Gods fantasij

Yn it begjin wie de fantasij!
De fantasij wie by God, de fantasij wie God.
En God ûnbedimme fantasij brocht it hielal op 't gleed:
de oermjittige romte mei al har planeten,
mei de gleone sinne, de moanne en de stjerren.
Mei ljocht en mei tsjuster wurke God mei kleuren en tinten.

En God krige nocht oan dit fantastyske wurk.

Doe naam God in ribbe út it gleone liif fan de sinne
en makke der in nije planeet fan: de ierde.
God liet de sinne dêr op skine en de wolken liet God fruchtber reine.
Der kaam libben op de lytse ierde:
fjilden fan grien en dêrtusken de blommen en beammen.
Doe kamen de bisten: se rûnen tusken de beammen,
se fleagen troch de loft en swommen yn it wetter.

En God krige hieltyd mear nocht oan dit fantastyske wurk!

Doe kaam God op it idee fan de minsken.
Soe Ik it oandoare en betrou myn fantasij oan de minsken ta?
Soe Ik it oandoare en lit minsken fierder gean mei alles,
dêr 't Ik sels mei úteinset bin? 
En ...God weage de gok.
En sei tsjin de minsken:
meitsje myn fantasij, myn ûnfolsleine skepping, folslein.

Meitsje myn wrâld ta in bewenber hús.
Feroarje de rotsen yn boarnen en fivers,
feroarje de stienen yn helder wetter:
feroarje it wetter yn wyn foar elkenien.
Meitsje goed wat no noch net ôf is,
bring alles thús wat nei My ûnderweis is.
Bewarje myn fantasij, meitsje alles nij,
oant sels de dea feroarje sil yn in poarte fan libben.

lêzing yn in tsjinst fan Nij Kleaster

   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)