am-fluss

Hoofdmenu  


   

wannear wurde grutte loaze wurden brutsen
troch de pine fan it hert
wurde swetsers lam slein
troch brutsen bonken.

slacht de blinens ta yn neonljocht
flocht 'e tiid tusken de fingers troch

te brutsen klaaie wy

sil der ea in dei komme yn it minskelibben
dat der syn wêzen bedjipje kin
him ôfwikkelje litten hat
oant 'e ljochtglâns falle kin
sielestrielen blomkje sille

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)