lavendel2

stille wike

foarjier
de blommen oan  'e fruchtbeam
komme wer foar 't ljocht
yn harren bywêzigens
gean ik de stille wike yn
en wrakselje
op 'e nij troch lijen
lit djip yn my
besinke hoe frij ik bin
foar my
hat Hy 't folbrocht

´t wurdt Peaske

aukje wijma