Home
- Gegevens
- Hits: 35475
Opdrachtjouwer
dêr stean wy dan
en stoarje om it libben
nei in wolkeleaze loft
sa keal allinnich en ûnwenning
dêr stean wy dan
no krekt sille wy ' t ferstean
Syn wurk oan ús folbrocht
no komt it op ús oan
dêr gean wy dan
troch alle waar en wyn
mei Geast krêft yn Syn fuotprint
in nije tiid brekt oan
aukje wijma
leafde
wat kwetsber is
sa nedich
ferlet hat fan
in waarme hân
op 't skouder
komt hjir te plak
by moaie minsken
dy each hawwe
foar wat nedich is
en leafdefol soargje
har hert en hannen
binne beskikber
om minsken in triuwke
yn 'e rech te jaan
aukje wijma
ferbouwereard
opstean
oerwinning
net te leauwen
en dochs der al sa faak oer heart hawwe
as earen iepen gean
en herten fol wurde fan
it âlde nije
komt Fjoer en Wyn
ús yn 'e mjitte
aukje wijma