olympysk goud
de wei dy't
ik gean
freget eltse dei
op nei
it libben oangean
de wei dy 't ik gean
freget geduld
en trochsetten
eltse dei
in kromke
tichter by.....
de wei dy 't
ik allinne gean kin
freget
oan it úterste ta
der wêze
sa as Hy der is foar my
aukje wijma