' opnimme' is myn 5e dichtbondel en it 2e fryske boekje mei gedichten
op e foarkant in foto dy 't ik makke op it eilân flylân
dêr stie in indiaan fan by elkoar socht oanspielde ôffal
hy stekt yn warskôge finger omheech
'sa komt it net goed' hear ik him yn 'e wyn sizzen
yn it boekje gedichten fan allerhande slach
yn my ópnimme' bilden fan thús en ûnderweis
in oantal fan 'e gedichten stean hjir ûnder
de bondel is te bestellen
der binne noch in pear bondels op foarrie
opnimme
Ljocht dat trochbrekt
oan wetter har grinzen stelt
en op ierde grien iepenbieret
yn it Ljocht fan
de himel op ierde
klaget de
rjochtingoanwizer
op it strân
makke fan
achteleas efterlitten
oanspielende wolfeartsoerlêst
en
omboud ta in watskôging fan Jo
hoe kinne jimme sa de ierde bewarje
Ljocht brekt har oer ús libben
sinneklear sjoch ik
hoe't wy arbeidzje en boartsje
Ljocht kom op ús ta
skyn en lit ús witte
help ús dochs op ús pylgergong
om Jo skeppingte bewurkjen
trochbrekkend Ljocht
dêr 't wetter har grinzen yn krige
ierde har grien iepenbiere
aukje wijma
..............................
yn ûntfangst nimme
inerlike
wurden fan Jo
iepenbierje
no al
wa 't Jo
foar ús
wêze wolle
Jo binne
foar ús in thús
oeral
aukje wijma
.....................................................
samar
in waarme simmerdei
oan it wetter
noeget út
ta in petear
mei 't sicht op
sylboaten
sylboaten
dy 't foar de wyn gean
prate wy oer
yn 'e wyn op moatte
yn it libben
yn it libben
it silen
mei Wynkrêft ta behâld
aukje wijma
........................................
sa lyts
foar 't earst
swaait se
nei heit
se hat
der gjin weet fan
hoe djip it rekket
aukje wijma
......................................
op it tsjerkepaad komme
yn july
rûn ik
it tsjerkepaad del
en ûntduts
hoe’n soad
wy mienskiplik hawwe
yn leauwen
hoefolle
wy leare kinne
fan elkoar
en dat seine
romte kriget
as doarren
fan binnenút
iepengean.
aukje wijma
...........................
se sizze
der wurdt sein
ferbou
dyn hûs
meitsje it
moai en rom
en ik
wrakselje
yn myn siele
om romte
aukje wijma
....................
palmsnein
de takken wiuwe
rûnom wei
it is hjoed alwer
palmpeaske
de kronkelbeam
draacht mei syn aai
ek nammen mei
fan minsken dy ‘t
yn dizze stille tiid
wol waarmte
brûke kinne
palmpeaske
mei syn blide rop
bringt dagen fan benearing
der ’t wy yn
skûlje byinoar
oant nei it stjerren
ús earen
de blide Peaskerop
yn it hert talitte wolle
Hy is opstien út de dea
aukje wijma
..............................
tegearre ûnderweis
ien frijmeitsjend wurd
makket
herten fol
docht de siele
iepengean
fan blidens
waakset út
ta in fûnemint
fan leafde
jou ‘t har del
ûnder it selde dak
aukje wijma